Plysje bekeurt 9 persoanen nei oerlêst yn Ljouwerter wyk Camminghaburen

11 nov 2020 - 16:51

Yn de Ljouwerter wyk Camminghaburen binne tiisdei njoggen persoanen troch de plysje bekeurd, omdat se mei tefolle minsken byelkoar stiene. Ek binne twa minsken oanhâlden foar fernieling of it net opfolgjen fan it befel fan de plysje.

Foto: Plysje

De plysje wie aktyf yn Camminghaburen, nei oanlieding fan klachten oer oerlêst yn de wenwyk. Sa waard der in rioelkolk fernield. Fierder waard swier fjoerwurk by de hûzen ôfstutsen. By de oanhâldingen hie ien fan de fertochten noch yllegaal fjoerwurk by him.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert oerlêst
(Advertinsje)
(Advertinsje)