LTO hat noed oer plomfeebedriuwen nei útbraak fûgelgryp yn Lutjegast

11 nov 2020 - 16:11

Plomfeebedriuwen yn it noardeasten fan Fryslân geane in swiere tiid temjitte. Dat tink Piet Faber fan de fakgroep plomfeehâlderij fan LTO Noard. Op it plomfeebedriuw fan Fries om utens Marcel Braaksma yn Lutjegast waard tiisdei fûgelgryp fêststeld. Al syn hinnen moatte romme wurde, mar der binne ek in soad konsekwinsjes foar plomfeebedriuwen yn de buert.

Hinnen - Foto: Shutterstock.com

Dat binne 21 bedriuwen yn de omjouwing binnen 10 kilometer. Foar dat folsleine gebiet jildt in ferfiersferbod, en dat hat flinke gefolgen.

"Der komt in foarse oanslach op harren rekken. It sil fan it bedriuw ôfhingje oft sy it rêde of net. It is wol soer dat der gjin skeafergoeding is foar de bedriuwen der omhinne; de oerheid sjocht dat as bedriuwsrisiko. Dat wylst it troch fûgelgryp troffen bedriuw wol de skea foar in grut part werom krijt út in fûns", seit Piet Faber fan de LTO.

De maatregels dy't al jilde yn Nederlân bliuwe foarearst sa't se binne. Kommersjele bedriuwen ha dus te krijen mei in ophokplicht. Boppedat moatte bistetunen, bernebuorkerijen en hobby-boeren harren plomfee en wetterfûgels ôfskermje fan wylde fûgels.

It besteande hygiëne-protokol foar besikers fan plomfeebedriuwen wurdt útwreide en der is in ferbod op it tentoanstellen fan sierplomfee en wetterfûgels.

Piet Faber

Trefwurden: 
Fûgelgryp LTO Noard plomfee
(Advertinsje)
(Advertinsje)