Brân yn reidtek fan pleats yn Hoarnstersweach

11 nov 2020 - 16:04

De brânwacht is mei meardere weinen útriden nei in melding fan in brân yn Hoarnstersweach. De brân is om kertier foar fjouweren hinne útbrutsen yn it reidtek fan in pleats oan de Schoterlandsewei.

Foto: SRFotografie

De bewenners soene sels begûn wêze mei it bestriden fan it fjoer, neidat se de brân ûntdutsen. Neffens in tsjûge komt der in protte reek frij by de brân.

Der binne ûnder oare brânwachtweinen oproppen út Drachten, Jobbegea en Nijehoarne.

Trefwurden: 
brân Hoarnstersweach
(Advertinsje)
(Advertinsje)