Dosinte fan Friesland College útroppen ta 'best creative teacher'

11 nov 2020 - 15:55

In dosinte fan it Friesland College is útroppen ta 'best creative teacher', troch de Europeeske organisaasje fan 150 hotelskoallen. It giet om Patricia Bekkema-Dijkstra. Sy makke neffens de sjuery ûnder oaren oanloklik lesmateriaal oer foarriedbehear yn in restaurant.

Foto: Friesland College

Ek sette sy har studinten oan de slach om yn coronatiid thús foar de kamera iten te sieden. De priis is woansdei útrikt by in online gearkomste yn hegeskoalle NHL Stenden yn Ljouwert.

De titel 'best creative teacher' is yn it libben roppen, no't de toeriste- en hotelwrâld it dreech hat. De Europeeske organisaasje gong op syk nei dosinten dy't yn dizze tiid dochs op in kreative wize lesjaan kinne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)