Skoalle Drachten oefenet lessen op ôfstân: net mear 4, mar 2 systemen

As de skoallen wer ticht moatte fanwege de corona, witte se op kristlike skoallemienskip Liudger lokaasje Splitting yn Drachten hoe't it mei de lessen komt. Dat is alteast de bedoeling fan de oefendei. Learlingen en personiel binne woansdei thús om ûnderwiis op ôfstân te oefenjen.
© Omrop Fryslân, Darshan Boerema
Ien fan de dingen dy't better kin, is mear ienheid yn de systemen, fertelt Wytze Algra fan de skoalle:
"We joegen mei fjouwer of fiif ferskillende systemen ûnderwiis op ôfstân. De learlingen, mar ek de dosinten wiene it spoar betiden bjuster. Learlingen yn ferskillende learjierren en dy't fan ferskillende leararen les hiene, krigen de ynformaasje op ferskillende manieren. Wy hawwe no ôfpraat dat we mar twa systemen brûke."
De oefendei is in tarieding op in nije lockdown, dy't der miskien wol noait komme sil. It is noch altyd net dúdlik wat krekt de rol is fan skoallen by de fersprieding fan it coronafirus.
Saakkundigen fan it OMT advisearren it kabinet dizze moanne noch om de boppebou fan middelbere skoallen twa wiken te sluten. Oare saakkundigen wolle noch fierder gean, en sizze dat de sluting foar alle skoallen jilde moat. It kabinet fynt it ûnderwiis te belangryk, en wol foarearst neat witte fan in sluting.
Wytze Algra oer de oefendei