Geheime oefenwedstriid jout jonge Hearrenfeanspilers wedstriidritme

SC Hearrenfean hat in besletten trainingspartij spile tsjin Vitesse, dy't benammen bedoeld wie foar it wedstriidritme fan de banksitters. De Friezen ferlearen mei 3-1.
© www.orange-pictures.nl
Fanwege it coronafirus wie der gjin publyk by de wedstriid. Dat meldt SC Hearrenfean. Sjoernalisten mochten der ek net by wêze.
Der wiene spylminuten foar ûnder oare Jan Ras (dy't werom komt fan in blessuere) en de nije Stanislav Shopov. Yn de basis stiene ûnder oare Stefan Westra, Joaquin Fernandez en Couhaib Driouech.
Alle doelpunten foelen nei de rêst. Twa doelpunten setten Vitesse betiid yn de twadde helte op foarsprong. Dêrnei makke Mitchell van Bergen it iennige Fryske doelpunt. De Friezen koene net lyk mear meitsje, en yn it lêste kertier wreide Vitesse de foarsprong sels út mei in doelpunt fan Million Manhoef.
Vitesse - SC Hearrenfean 3-1 (0-0). 54. Dewaele (e.d.) 1-0, 56. Hajek 2-0, 67. Van Bergen 2-1, 74. Manhoef 3-1.

Opstelling SC Hearrenfean: Bekkema (45. Kroesen); Westra, Van Hecke (64. Zaal), Fernandez, Woudenberg (45. Ras); Dewaele (64. J. Veerman), Batista Meier, Hajal (73. Kongolo); Van Bergen, Smit (73. Boerhout), Driouech (64. Shopov).