KNSB hâldt yn desimber twa shorttrackwedstriden yn Thialf

Reedrydbûn KNSB organisearret yn de earste twa wykeinen fan desimber twa grutte shorttrackwedstriden yn Thialf. De Invitation Cup stiet pland foar 4 oant en mei 6 desimber. Op 12 en 13 desimber nimme de nasjonale shorttrackers diel oan it NK ôfstannen, in nije wedstriid op de kalinder.
© Martin de Jong
"We zijn blij dat we deze wedstrijden nu op de kalender hebben staan", seit Remy de Wit, technysk direkteur fan de KNSB. "Onze topshorttrackers trainen ook in deze coronatijd dat de vonken er vanaf vliegen. Zij snakken ernaar hun krachten te meten tijdens echte wedstrijden en dat is ook van groot belang op hun route naar de Spelen van Peking in 2022. Het is goed dat zij nu die mogelijkheid krijgen."
De International Invitation Cup stie ein oktober al op it programma. Mei fanwegen de positive coronagevallen ûnder de dielnimmers gie dat doe net troch.