D66 set Romke de Jong op plak 21 by Twadde Keamerferkiezingen

11 nov 2020 - 15:19

D66 hat de Fryske fraksjefoarsitter Romke de Jong op plak 21 set fan de konsept-kandidatelist foar de Twadde Keamerferkiezingen. Op dit stuit hat de partij 19 sitten yn de Keamer. Neffens de lêste update fan de Peilingwijzer soene dat der ûngefear 13 wurde, as der no ferkiezingen wêze soene.

D66 set Romke de Jong op plak 21 by Twadde Keamerferkiezingen

De Jong wennet al hast syn hiele libben op De Gordyk. Hy is direkteur fan in iisfabryk.

Der steane noch twa oare Friezen op de konseptlist. It giet om Ojanne de Vries-Chang fan It Hearrenfean, op plak 44, en Marieke Vellinga fan Boazum, op plak 45.

De list wurdt pas definityf as de leden fan D66 deroer stimd ha. Dat kin oant 1 desimber. Dêrnei wurdt de definitive list bekendmakke.

Foto: D66

De ferkiezingen foar de Twadde Keamer binne yn maart fan 2021.

(Advertinsje)
(Advertinsje)