Mei 130 troch Drachten, wurkstraf en boete foar hurdrider Boelensloane

11 nov 2020 - 14:28

In man fan 26 út Boelensloane hat woansdei in wurkstraf fan 20 oeren krigen, omdat er op 2 maart ferline jier fierstente hurd troch Drachten ried. De plysje hie de man in stopteken jûn, mar hy naaide út.

Rjochter - Foto: Shutterstock.com

Mei in gong fan 90 oant 130 kilometer yn de oere stode er troch Drachten, ûnder oare oer de Noarderdwersfeart, de Zwaluwstraat en de Wyldsang. Dêr sprong de bestjoerder út de auto en draafde fuort.

De fertochte wie ûnder ynfloed fan kokaïne en alkohol. Hy sei woansdei by de rjochter dat er mar 30 meter trochriden wie, mar de plysje hat dus in hiel oar ferhaal. De man moat net allinnich 20 oeren ferplicht oan it wurk, hy moat ek in boete fan 250 euro betelje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)