Adjunkt-griffier Plender: steateleden fertsjinje respekt en mear stipe

11 nov 2020 - 13:11

De 43 leden fan Provinsjale Steaten hawwe mear stipe en in hegere fergoeding nedich om it politike wurk goed dwaan te kinnen. Dat sei adjunkt-griffier Jannie Plender fan Provinsjale Steaten woansdeitemoarn by har ôfskied.

Steateleden nimme - op oardelmeter ôfstân - ôfskied fan adjunkt-griffier Jannie Plender - Foto: Omrop Fryslân

Frou Plender fan de Aldebiltdyk hat mar leafst 44 jier by de provinsje wurke. Se hat sjoen dat it wurk foar steateleden yn dy tiid in stik yngewikkelder wurden is en dêrtroch ek mear tiid en enerzjy freget.

"Steateleden fertsjinje respekt. Nim it feangreidedossier of de enerzjytransysje. Dat binne yngewikkelde dossiers. It duorret wol even foardat je soks hielendal trochsjogge. Gean dêr mar oanstean as ienmansfraksje."

Te min froulju

Trochdat it steatewurk in soad tiid freget en de fergoeding beskieden is, rinne je it gefaar dat de steaten net mear in goede fertsjintwurdiging binne foar de Fryske befolking, tinkt Plender.

"Ik sjoch in soad âlderen en amtners, dy't frijsteld wurde foar it politike wurk mei weromkeargarânsje. Yn ferhâlding sitte der te min froulju, jongeren en ûndernimmers yn de Steaten."

Steatelid kriget minder as riedslid

It steatewurk kostet in trochsneed steatelid samar 20 oeren yn 'e wike as it net mear is. Neffens frou Plender is soks sûnder goede ynhâldlike stipe net fol te hâlden. De fergoeding foar it steatewurk is op dit stuit leger as dy fan in riedslid fan de gemeente Ljouwert. "De ferhâlding is no wat bryk. It liket my goed om de fergoeding op itselde nivo te bringen."

Sân kommisarissen

Frou Plender begûn yn 1976 by de provinsje as typist. Se hat yn har amtlike karriêre mar leafst sân kommissarissen fan de Kening of Keninginne meimakke. Doe't se begûn, wie Hedzer Rypstra kommissaris fan de Keninginne. De omgongsfoarmen op it provinsjehûs wiene doe frijwat formeler as hjoed-de-dei.

"Jo sprekke no deputearren by de foarnamme oan. Doe't ik hjir binnen kaam as famke fan 20 doarde ik dêr net oan te tinken."

Jo binne gjin kwartsje wurden, mar in euro.

Kommissaris Arno Brok tsjin Jannie Plender

Yn har amtlike karriêre hat Plender harsels opwurke fan typiste oant adjunkt-griffier. "Ik bin fan in dûbeltsje in kwartsje wurden", seit se dêr sels oer. Kommissaris fan de Kening Arno Brok sjocht dêr wat oars tsjinoan. "Jo binne gjin kwartsje wurden, mar in euro."

Foto: Omrop Fryslân

Ofskiednimmend adjunkt-griffier Jannie Plender

(Advertinsje)
(Advertinsje)