Ljouwert wol betelje foar ôffal ynfiere: minder ôffal ophelje, leger taryf

11 nov 2020 - 12:52

Yn Ljouwert sil it ynfieren fan Diftar in geunstich effekt hawwe op hoefolle smoargens oft ophelle wurdt. Dat is de oertsjûging fan wethâlder Bert Wassink. Oare gemeenten hawwe it systeem al sûnt langere tiid en dêr giet it ek sa.

Jiskewein weaget de konteners by it leegjen - Foto: Omrop Fryslân

Diftar is de regeling wêrby't ynwenners betelje moatte foar elke kilo ôffal dy't se oan de dyk sette. Ljouwert soe dat op 1 jannewaris 2022 ynfiere wolle. Ek komt der in heffing op it tal kearen dat de grize konener oanbean wurdt.

Kosten rinne hieltyd fierder op

Yn in soad oare gemeenten yn Nederlân wurdt al folle langer wurke mei Diftar. Neffens wethâlder Wassink hat dat in geunstich effekt.

De kosten foar it ferwurkjen fan ôffal wurde hieltyd heger, ûnder oare troch heffingen fan de ryksoerheid. De nije wize fan beteljen de kilo moat dêr feroaring yn bringe.

Struktureel leger taryf

It nije syteem sil net liede ta hegere tariven, tinkt Wassink. Der is útrekkene dat it struktureel in besparring opsmyt fan 5,30 euro foar elke húshâlding. Neat dwaan is gjin opsje, want dan wurdt de ferwurking fan ôffal hieltyd djoerder, seit Wassink.

De gemeente moat derfoar soargje dat minsken better ôffal skiede as dat se no al dogge. Sa bedarret in soad ôffal yn de grize kontener dat yn de griene bak heart. As jo dat yn de griene smite, hoecht de grize bak minder faak lege te wurden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)