Sint-Marten: wol of net by de doarren del? "It kin, mar hâld dy oan it advys"

11 nov 2020 - 12:19

De lampionnen, stoarmlampen en oare ljochtsjes kinne wer fan souder: it is Sint-Marten. In bysûndere edysje dit jier, mar it kin yn Fryslân wol gewoan trochgean, fynt de feilichheidsregio's. Yn oare regio's sjogge se dêr wer oars nei. Mar wêr moatte bern en eventuele begelieders no om tinke? Stefanie van Dijk, koördinator fan it boarne- en kontaktûndersyk by de GGD Fryslân, jout antwurd.

Foto: Shutterstock.com / Herzstaub

Guon skoallen yn Fryslân makken dit jier al gjin lampionnen mear mei de bern, fanwege corona. Mar by de doarren del mei dus wol?

"Ja hear, it is net offisjeel ferbean. Yn Fryslân is it ek gewoan tastien om te sintmartenrinnen, as elkenien him mar hâldt oan de advizen fan de GGD. Dus we snappe dat de skoallen gjin lampionnen makken, mar it is oan de âlders om it wol of net te dwaan."

Wêrom mei it gewoan?

"We sjogge dat by de bern oant tolve jier hast gjin besmettingen plakfine. Sy meie dêrom ek gewoan mei in lampion rinne. Mar as se in snotnoas ha of net fit binne, dan riede we it wol ôf. En: soargje foar genôch ôfstân by de doarren, foaral by âldere minsken."

Hoe hâlde je je oan alle advizen?

"As je thús wolle dat je oanrin krije, set dan bygelyks in kears by de foardoar of foar it rút. En it snobbersguod kinst yn in netsje dwaan. Mei stoepkryt kinst de oardel meter foar de doar oanjaan. Sa kinst it mei lytse groepkes wol hiel moai dwaan."

En meie de âlders mei?

"Begeliede kin, mar doch dat yn lytse groepkes, it leafst heechút twa minsken mei as begelieding. In mûlkapke opdwaan hoecht net, omdat it gjin binnenromte is. En komme je net út deselde húshâlding, hâld dan ek echt ôfstân. En de folwoeksenen meie ek net sjonge, de bern wol."

Wat no as je leaver gjin bern foar de doar ha wolle dizze kear?

"As minsken it leaver net wolle, bygelyks omdat se klachten ha of omdat se yn karantêne sitte, dan moatst dat respektearje. Wolle je gjin minsken oan de doar, doch dan bygelyks even in briefke op de doar. Mar in soad âldere minsken fine it dochs faak wol moai om bern oan de doar te hawwen."

Trefwurden: 
Sint-Marten coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)