Achtkarspelen wol grûn biofergister Koatstertille weromkeapje

Achtkarspelen wol de grûn yn Koatstertille dêr't in biofergister komme moatte soe, weromkeapje. It bedriuw Groengas Westkern Beheer is te let begûn mei de bou en de finansiering is ek net op 'e tiid regele.
© Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
Nei ferskate kearen útstel ûnder oare troch de stikstofperikelen en corona is der yn augustus in oerienkomst sletten tusken de gemeente en it bedriuw.

Rjochter

Dêryn stiet dat it bedriuw foar 1 novimber fan dit jier alles regele moat, oars hat de gemeente it rjocht de grûn werom te keapjen. En dat is no it gefal. Neffens de gemeente hat de ûndernimmer meardere kearen oankundige dat de bou begjinne soe, mar is dêr nea wat fan op de hispel kaam. As it bedriuw net meiwurkje wol oan de weromkeap, kin de gemeente dat ôftwinge by de rjochter.

Oerlêst

Yn 2010 hat de gemeente in fergunning ôfjûn foar in biofergister op yndustryterrein Westkern. Oer it plak is in soad te dwaan, want omwenners binne benaud foar oerlêst en sjogge leaver dat de fergister fierder fan it doarp ôf komt te lizzen. Der is socht nei oar plak, mar dat is net net slagge.