Busstasjon Easterwâlde fan provinsje nei gemeente

11 nov 2020 - 10:56

De gemeente Eaststellingwerf nimt it busstasjon yn Easterwâlde oer fan de provinsje. Dat beheart en ûnderhâldt it busstasjon no noch en wol it earst opknappe.

It busstasjon yn Easterwâlde - Foto: Google Street View

Dêrnei wol de provinsje it busstasjon ôfstjitte, omdat it dan better beheard en ûnderholden wurde kin. Dat soe de gemeente Eaststellingwerf dan dwaan kinne.

It kolleezje fan boargemaster en wethâlders wol dêroan meiwurkje. De gemeente krijt 300.000 euro foar de útfier fan it takomstich behear en ûnderhâld fan it stasjonsgebiet. Earst docht de provinsje noch wat ferbetteringen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)