151 banen fuort by FrieslandCampina yn Wolvegea

11 nov 2020 - 10:34

De besunigingsronde fan FrieslandCampina hat gefolgen foar 151 banen fan it bedriuw yn Wolvegea. It bedriuw ferpleatst dat wurk allegear nei Boedapest yn Hongarije. Yn totaal ferdwine der 1.000 banen by FrieslandCampina, makke it bedriuw tiisdei bekend.

151 banen fuort by FrieslandCampina yn Wolvegea

FrieslandCampina wol it finansjele wurk yn Boedapest konsintrearje. Dat moat de kosten ferleegje. It bedriuw wol de oerdracht fan it finansjele wurk fan Wolvegea nei Boedapest begjinne yn jannewaris. De meiwurkers binne bypraat, seit FrieslandCampina.

It bedriuw hellet de gefolgen fan de coronakrisis oan om te besunigjen. Yn totaal wurkje der sa'n 24.000 minsken by FrieslandCampina. Mear as in tredde dêrfan komt út Nederlân. Der steane fiif fêstigingen yn Fryslân.

Wat de besunigingsslach foar de oare fêstigingen yn Fryslân betsjut, wurdt letter dúdlik.

Foto: ANP

Fakbûn CNV wist dat der besunige wurde soe by FrieslandCampina, mar dat dizze banen hjir ferdwine soene wie in ferrassing, sa fertelt Henk Jongsma.

Henk Jongsma

(Advertinsje)
(Advertinsje)