Film 'Sami Blood' woansdeitejûn by Omrop Fryslân

Omrop Fryslân stjoert dizze wike op trije jûnen in film út. Gjin Fryske film, mar films mei in noardlike fokus. Krekt as it Noordelijk Filmfestival, dat oars no begjinne soe, mar troch de coronamaatregels net trochgean kin. Woansdeitejûn is dat Sami Blood út 2016. Allinnich op TV te sjen, net online.
Sami Blood is in Sweedske film dy't him ôfspilet yn de jierren '30 fan de foarige iuw. De film giet oer it 14-jierrige Sami-famke Elle-Marja, dat harsels losmeitsje wol fan har eftergrûn.
Regisseur Amanda Kernell fan Sami Blood is fan heal Sweedske, heal Sami komôf. Mei dizze debútfilm wûn se op ferskate festivals meiinoar wol 20 prizen.

Nomadefolk yn Noard-Skandinavië

De Sami binne in nomadefolk yn Noard-Skandinavië dat libbet fan en mei rindieren. 'Sami Blood' lit in ûnbekende kant sjen fan it Sweden yn de jierren '30 fan de foarige iuw.
Haadpersoan is de 14-jierrige Elle-Marja (spile troch Lene Cecilia Sparrok, ek in Sami-famke). Sy mei graach leare, mar komt op skoalle net fierder. Fan har wurdt ferwachte dat har takomst by it hoedersbestean fan de Sami leit. Sy dreamt fan in oar libben.
De trailer fan de film:
De Sami wurde diskriminearre. Yn de film wurde de rasistyske tinkbylden fan de Sweedske maatskippij fan doedestiids goed sichtber. Elle-Marja leit har der net by del. Se ferbrekt de bannen mei har famylje en reizget nei de universiteitsstêd Uppsala om te studearjen. Mar ek dêr hat se it net maklik.
Sami Blood is woansdei 11 novimber jûns om 21.00 oere te sjen by Omrop Fryslân TV. De film wurdt mar ien kear útstjoerd en komt net online.