Doekle Terpstra noch fjouwer jier foarsitter Techniek Nederland

11 nov 2020 - 10:12

Doekle Terpstra fan Wytmarsum is ek de kommende fjouwer jier foarsitter fan Techniek Nederland. De lederied fan de technykkoepel stimde unanym foar de werbeneaming fan Terpstra as foarsitter.

Doekle Terpstra - Foto: ANP

Neffens Terpstra is de takomst fan de technyksektor florissant. "Op koarte termyn binne der soargen troch de coronakrisis. Mar dêrnei is der gjin inkelde sektor dy't safolle perspektyf hat as de technyk."

De technyk is net mear wei te tinken by de grutte maatskiplike fraachstikken fan dizze tiid, seit er. "Tink oan it klimaat, de soarch en de berikberheid fan de stêden."

De twadde termyn fan Terpstra giet yn op 1 febrewaris 2021. Techniek Nederland fertsjinwurdiget goed 6.300 bedriuwen yn de ynstallaasjebrânsj en de technyske detailhannel.

(Advertinsje)
(Advertinsje)