Fundearringslabel sit der faak njonken: "It wurket net, ek net foar taksateurs"

11 nov 2020 - 09:46

It Fundearringslabel blykt in flop. It soe takom jier ferplicht wurde om sa'n Fundearringslabel op te freegjen by de ferkeap fan in hûs. Dêrmei kinne eigeners en keapers sjen oft der risiko is op bygelyks it fersakjen fan in wenning. It label is fan it Kenniscentrum Aanpak Funderingsproblematiek (KCAF), dat op in webside alle huzen in beoardieling jûn hat. Mar in soad doocht net, ek yn Fryslân net: somtiden siet it label der goed neist.

Foto: Rjochtenfrij

Taksateur Geert-Jelle de Vries fan Makelaardij Friesland brûke de ynformaasje fan it kennissintrum al langer. "Dat wie altyd op postkoadenivo. Mar no wolle se foar alle adressen apart oanjaan wat de problemen binne." Dat is net hielendal goed gong. "Se binne yn oktober begûn mei in testfaze. Dêr is sa'n soad reaksje op kaam, dat se oerspield waarden mei ynformaasje. No blykt dat 60% op de webside net doocht."

Problemen binne der soms net

Yn guon gefallen liket dat minder slim as it is. "In soad minsken reagearje dat it net kloppet yn positive sin. Dat op de webside stiet dat it fundearringslabel wat negatyfs oanjout, wylst der gelokkich gjin probleem is."

De ferplichting fan it label giet dus earst ek net troch. "Hoe't se it dwaan wolle, dat wurket gewoan net, ek net foar ús as taksateurs", seit De Vries. "Alle huzen binne oars, dat kinne je net allegear yn in hokje pleatse. Lanlik sjoen binne der echt problemen, hear. Mar yn Fryslân is der tsien jier lyn alris in ynventarisaasje makke fan huzen dy't op houten peallen steane. Doe kamen se tusken de 700 en 1200 út. Yn ferhâlding falt it ta."

Wol foar bewustwêzen soarge

Wat De Vries oanbelanget komt it label der hielendal net. "It is wol goed dat keapers bewust binne fan eventuele fundearringsproblemen. Dat wie ek it útgongspunt fan it sintrum, dus yn dy sin ha se wol wat berikt."

(Advertinsje)
(Advertinsje)