Kollum: "Kompromissen"

11 nov 2020 - 08:36

"Ferline wike ha 'k sachtjes efkes skriemd. Net ien murk it hear. Miskien mar goed ek, it wie tige persoanlik fertriet. Want fierder is der hielendal net ien fallen oer de opmerking fan PvdA-deputearre Douwe Hoogland, dy't hy tusken twa komma's die. Dat it rapport 'Foarút mei de Fryske feangreide' lang safier net gie as dat hy eins wol wollen hie. En dat nedich wêze soe om ta resultaat te kommen.

Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Eelke Lok

Douwe wie mediator tusken boeren en wetterskip oan de iene kant en natoerlju en wittenskippers oan de oare kant. Douwe poldere dus om it libben. Resultaat: de provinsje giet dus no akkoart mei in rapport om in soad jild út te jaan sûnder dat it wat jaan sil. Mei ik dus efkes skrieme. Dan wurdt de feangreide miskien noch in bytsje wiet.

Ja, ik wit ek dat minsken yn de polityk, dus Douwe ek, noch sa folle wolle kinne, se moatte altyd kompromissen slute. Utsein it CDA hjir, dat bepaalt hoe't dy kompromissen derút sjogge. En it CDA hat inkeld mar desastreuze bedoelings mei de Fryske grûn. Dêr ha se foar it oare folslein it rjocht ta.

En it is miskien net iens bewust; CDA-deputearre Sander de Rouwe hat it ek fierstente drok mei oare saken. En it is fansels geweldich dat hy it klearkrigen hat dat banken, accountants en provinsje op syk sille nei Fryske bedriuwen dy't troch de corona yn de swierrichheden kaam binne. Dy fertelle soks net, want dy hantearje it âlde Fryske sprekwurd: 'Wy wolle ús eigen broek ophâlde'. No wurdt it jild har dus troch de strôt drukt. Elkenien moat meidwaan oan in kompromis fan it CDA.

Dat kin ek maklik, we ha ommers in hiel oare mienskip krigen. Sûnder kompromissen. We wolle wat we wolle en oars neat. En doe blykte ynienen dat de ik-wol-dat-wat-ik-wollers hjir en dêr oan de macht kamen en ek noch bleaunen. En dan moatte je té wyld werompolderje, en dan geane je ek wolris oer it dykje hinne. Trumpse stoarmen. Minsken dy't út ûnmacht op in foto sjitte. Slob dy't mei dûmny de homo's fan skoalle reagje wol.

In mienskip dy't net mear mienskip is. Eigen miening en oars neat. By need mei de fûst omheech. Sels yn de Fryske polityk waard it al sa. Sjoch mar nei Eaststellingwerf, wêr't elk riedslid syn eigen partij is. Demokrasy bestiet dêr net mear. WijLokaal is eins IkLokaal. Se stelle allegear kloaterige fraachjes en witte net wêr't de gemeente eins foar tsjinnet. Dan sjogge je dat wat ik froeger tocht (dat je bygelyks yn gemeenten aanst net partijen kiezen mar minsken), dat soks nea wurkje sil.

Dy ferrekte partijen wolle net inkeld gelyk ha, se wolle ek altyd wer wat oars. Want se skriuwe op wat de measte stimmen opsmyt. Nim no de VVD. Dy soe nei links gien wêze. No, lês it ferhaal noch mar ris goed nei. De VVD ropt no wat Wiegel yn 1972 al die. Dat syn VVD in folkspartij wêze soe. De VVD krige der 100.000 leden mei. Se ha no noch minder as 25.000.

Want it wierre Wiegel wat tsjin. Om mei te regearen moast hy wer kompromissen slute mei Van Agt. Dêrnei gie de VVD hieltyd wat hinne en wer. Se ha nammentlik gjin leden mear nedich, inkeld kiezers. Dy moatte je as freon hâlde. De VVD hat dus lykas altyd genôch romte hâlden, sadat se likegoed mei it CDA wat dwaan kinne. En witte dat de PVV, ôfsjoen fan dat hinderlike anty-islam gedoch, eins ek wat linkseftich is. Alles is mooglik. As je mar kompromissen slute wolle en programmatysk ek kinne. Lokkich, it ferlies fan Trump makket ek dúdlik dat de wrâld syn bekomst hat fan de ûnnuansearre razers.

Dus Douwe, ik hâld op fan skriemen asto in eigen en goed ferhaal makkest at it feangreiderapport syn politike waging krijt. It kin wer. As we wer polderje, moatte je heech ynsette. No wurdt it de helte fan watsto net iens goed fynst. It rapport seit fyftich sintimeter heger wetterpeil. Dan wurdt it mar 25. Ik soe ynsette op oardel meter omheech. Dan polderje en dan wurdt it 75. Dan kin it wat wurde. Dan sis ik ta dat ik der gjin triennen mear by grieme sil."

Trefwurden: 
De Toan fan Eelke Lok
(Advertinsje)
(Advertinsje)