Makkumer skipfeart gong troch hiel Europa, yn opdracht fan Amsterdam

11 nov 2020 - 08:09

Faak wurdt tocht dat Fryslân yn de 17e en 18e iuw net in soad foarstelde as it om de hannel giet. Us provinsje soe hast gjin rol spile ha yn it hannelsferkear oer de wrâld. Mar dat byld kloppet net, dêr is Jelle Jan Koopmans fan Ysbrechtum achterkaam yn it ûndersyk dêr't er koartlyn op promovearre is. Fan dat ûndersyk oer de Makkumer skipfeart hat er no in boek útbrocht.

Foto: Jelle Jan Koopmans

"It giet dan net sasear om eigen hannel", ferdúdliket Koopmans, "mar benammen om frachtfeart. Dat dienen se dan yn opdracht fan keaplju út Amsterdam. Dat wie yn dy tiid miskien wol de belangrykste stêd fan de wrâld."

Makkum tichteby Amsterdam

It ferkear gong doe hast allegear oer it wetter, dat gong it maklikst en it rapst. En dan leit Makkum frij tichteby Amsterdam. "Sy hierden dan skippers út Makkum yn as soart fan transportbedriuw. De Friezen koene sa in graantsje meipikke fan Amsterdam."

De Friezen fearen benammen nei it Easten ta. "Plakken lykas Sint-Petersburg, Koningsbergen, Dantzig. Se gongen earst ek noch wol nei Frankryk oer wyn nei Sint-Petersburg. Dan kamen se mei hout of graan út it Eastseegebiet werom nei Amsterdam ta."

Makkum wie trouwens net it iennichste plak dêr't Fryske farders weikamen. "Ek yn Wâldsein en Heech bygelyks", seit Koopmans. "Dat hy him benammen rjochtet op Makkum, hat in praktyske reden: "De famylje Kingma kaam dêrwei en dy ha in moai famylje-argyf dat goed bewarre bleaun is."

Oarloch en kapingen

Der kaam in ein oan de bloeiperioade foar de Makkumer skipfeart troch de Fjirde Ingelske Oarloch (1780-1784) en de Frânske perioade. Yn dy tiid waarden in soad skippen kaapt en waard it de skippers hast ûnmooglik makke. Der bleaune doe net in soad skippers oer yn Makkum.

(Advertinsje)
(Advertinsje)