SP Hearrenfean presintearret plan tsjin earmoede, earste reaksjes posityf

11 nov 2020 - 07:33

De fraksje fan de SP yn Hearrenfean hat in eigen earmoedeplan presintearre. Mei dit Zwart-witboek Armoede wol de fraksje it kolleezje oantrúnje om mear te dwaan tsjin earmoede en de problematyk fan skulden. Want neffens de fraksje toane boargemaster en wethâlders te min ambysje en dogge se net genôch oan de problemen fan minsken mei skulden.

De Oude Koemarkt op It Hearrenfean - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

"We vragen al twee jaar om nieuw beleid, om een intensievere aanpak", seit SP-kommisjelid Paul Steenbergen. "Maar er gebeurt te weinig. De gemeente investeert miljoenen in de sport, maar op het gebied van armoede is het te veel oud beleid."

Dêrom hat de SP achttjin foarstellen op papier set. Dêrfoar hat de partij oerlein mei ferskate ynstânsjes, lykas de lokale Voedselbank en Steunpunt De Barones foar minsken mei problemen. "We willen dat meer mensen recht hebben op een inkomenstoeslag, dat de gemeente de bewindsvoering oppakt in plaats van commerciële partijen en er moeten maatregelen komen om de schuldhulpverlening te verbeteren", seit Steenbergen.

Skuldhelpferliening oars ynrjochtsje

Dat hoecht net perfoarst in soad jild te kostjen, mar it moat oars regele wurde, leit Steenbergen út. "De Rijksoverheid geeft ieder jaar 11 miljard uit aan schuldhulpverlening, maar de overheid zelf is de grootste schuldeiser. Dat moeten we dus anders inrichten. Eén op de vijf jongeren heeft bijvoorbeeld een schuld. Vaak worden die schulden alleen maar hoger door boetes en incassobureaus. We willen dat de gemeente die schuld opkoopt, dan is er slechts één schuldeiser. En verder willen we met die jongeren een plan maken: een baan en coaching op het terrein van financiën. Vaak zijn er nu heel veel aanbieders om de schulden op te lossen, maar meestal wordt het daar alleen maar erger van."

Positive reaksjes

De earste reaksjes op de plannen fan de SP binne posityf. "Een paar partijen willen al met ons in gesprek, dat is mooi. Nu moeten we het bespreken om meerdere partijen achter ons voorstel te krijgen."

Trefwurden: 
Hearrenfean SP skulden earmoede
(Advertinsje)
(Advertinsje)