Moasje fan wantrouwen om hisen reinbôgeflagge Eaststellingwerf fuortstimd

11 nov 2020 - 07:01

In moasje fan wantrouwen tsjin it kolleezje fan Eaststellingwerf is mei 16 stimmen tsjin 5 fuortstimd. Guon fraksjes yn de ried fûnen dat it kolleezje him net hold oan in eardere ôfspraak, troch de reinbôgeflagge op te hingjen by it gemeentehûs.

De progressflagge - Foto: Shutterstock

De fraksjes Wij Lokaal - dy't de moasje yntsjinne - en StellingwerfPlus en de fraksje-Ter Heide binne net tsjin it hisen fan de flagge op 'coming out day', mar de ried hie yn 2016 ôfpraat om dat net op gemeentlike gebouwen te dwaan. Under oare it CDA en Ooststellingwerfs Belang wiene der op tsjin.

Just positive reaksjes

Wethâlder Esther Verhagen hong de progressflagge dochs op by it gemeentehûs op 9 oktober. "Dat deed zeer", sei Jenny Dolsma fan Wij Lokaal. Neffens har hie de wethâlder witte moatten dat it gefoelich lei. Verhagen wist fan neat en sei dat der no in nij kolleezje en in nije ried is. Se wie folslein ferbjustere troch de moasje fan wantrouwen, se hie sels in soad positive reaksjes krigen. "We hebben contact gekregen met jongeren die willen praten, daar doen we het voor."

Troch de moasje liket it dat Eaststellingwerf tsjin it hisen fan de flagge is, en dat smyt neffens it CDA in smet op de hiele gemeente. Herman Zwart: "Naar de symboliek kun je op verschillende wijze kijken, maar dit wordt binnen en buiten de raadszaal niet begrepen. Dit is niet met droge ogen uit te leggen. Dit is een paardenmiddel." Ek de PvdA, GrienLinks en D66 wiene it net iens mei de moasje fan wantrouwen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)