Coronanijs 11 novimber: 92 nije besmettingen · Pyk twadde golf foarby, seit minister

11 nov 2020 - 22:53
22:28
Ein fan dit liveblog

We slute it liveblog foar no. Tank foar it folgjen. Tongersdei is der wer in nij liveblog.

21:55
Foarstel: fan 1 desimber ôf boete foar net dragen mûlkapke yn iepenbiere romte

Foar it net dragen fan in mûlkapke yn iepenbiere romten kinst fan 1 desimber ôf beboete wurde mei 95 euro. Dat foarstel fan minister Grapperhaus giet nije wike nei de Twadde Keamer. Minsken krije gjin strafblêd. De Keamer moat noch ynstimme mei it foarstel. Oant 1 desimber jildt in driuwend advys foar it dragen fan in mûlkapke.

Der komme útsûnderingen foar minsken dy't fanwegen in fysike, ferstanlike of psychyske beheining of groanyske sykte gjin mûlkapke drage kinne. It hoecht net op by it sporten, aktearjen, of beoefenjen fan oare poadiumkeunsten. Ek by media-optredens mei it ôf

18:23
Brieveprojekt oer corona

Wat binne de oerienkomsten tusken de Twadde Wrâldoarloch en dizze corona-perioade? Dy fraach stelle learlingen fan basisskoalle it Haskerplak yn Aldehaske yn in brievewiksel mei âlderen fan wensoarchsintrum De Flecke op 'e Jouwer. De learlingen skriuwe oer corona en de âlderen fertelle oer de Twadde Wrâldoarloch.

Brief learlingen Aldehaske

17:41
Alternative fiering fan Sint-Marten yn Wergea

11 Novimber is de dei fan beskermhillige Sint-Marten, en dêr heart by dat bern mei lampionnen by de doarren delgean en ferskes sjonge yn ruil foar wat lekkers. Mei it each op corona is yn Wergea wat oars betocht: in optocht foar de bern oerdei. En jûns gean de folwoeksenen op in karre by de bern del mei snobbersguod.

FIDEO Sint-Marten

16:33
Net nei de bios? Sjoch thús lekker nei de film!

Omrop Fryslân stjoert dizze wike op trije jûnen in film út. Gjin Fryske film, mar films mei in noardlike fokus. Krekt as it Noordelijk Film Festival, dat oars no begjinne soe, mar troch de coronamaatregels net trochgean kin. Woansdeitejûn is dat Sami Blood út 2016. Allinnich op TV te sjen, net online.

Karen Bies oer de film

16:31
Liudger Drachten oefene mei les op ôfstân

As de skoallen wer ticht moatte fanwege de corona, witte se op kristlike skoallemienskip Liudger lokaasje Splitting yn Drachten hoe't it mei de lessen komt. Dat is alteast de bedoeling fan de oefendei. Learlingen en personiel binne woansdei thús om ûnderwiis op ôfstân te oefenjen.

14:57
Gjin binend advys foar hbo dit jier

Dit stúdzjejier jildt gjin binend stúdzje-advys (bsa) yn it hbo, wol op de universiteit. Dat seit it ministearje fan Onderwijs, Cultuur en Wetenschap. Hbo-studinten ha mear lêst fan de coronakrisis, om't se mear praktykûnderwijs of staazjes hawwe. As se dit kolleezjejier har bsa net helje, kinne se dat takom kolleezjejier noch dwaan.

14:04
92 nije besmettingen

It RIVM meldt oer de ôfrûne 24 oeren 92 nije besmettingen mei it coronafirus yn Fryslân. Juster wiene it 80. De measte nije gefallen waarden meld út de gemeente Súdwest-Fryslân (25).

Yn Fryslân is it ôfrûne etmiel ien nij stjergefal meld, dat giet om in ynwenner fan Súdwest-Fryslân. Der is ek ien sikehûsopname, dat is ynwenner fan de gemeente Hearrenfean.

Lanlik is it tal nije besmettingen 5.424.

Sjoch foar mear sifers op ús dossierside.

12:28
De Jonge: pyk twadde golf is foarby

It hichtepunt fan de twadde coronagolf is foarby. Dat seit minister Hugo de Jong niiskrekt yn in livefideo op Facebook. "Wat we voor de korte termijn moeten doen is zorgen dat we het virus er samen onder krijgen. Maar even; we zijn echt over die piek heen", sei er op in fraach fan in sjogger. "We hebben de daling ingezet. Dit moeten we gewoon even met z'n allen vasthouden. Hoe beter we dat doen, hoe meer er ook weer mogelijk is."

12:26
Twadde Keamer: meldplicht foar bedriuwen mei besmettingskluster

De Twadde Keamer wol dat der in meldplicht komt foar bedriuwen dêr't saneamde klusters fan coronabesmettingen foarkomme ûnder it personiel. In mearderheid stimt yn mei in foarstel fan Esther Ouwehand fan Partij voor de Dieren.

De GGD Fryslân sei earder al dat se it sicht op it firus kwytreitsje, omdat lang net elkenien him by de GGD-lokaasjes teste lit. Sa binne der ek bedriuwen dy't sels minsken teste.

Trefwurden: 
coronafirus COVID-19
(Advertinsje)
(Advertinsje)