Corona nea fier fuort yn soarchsintrum: "Ik hoopje dat ik der mei omgean kin"

Mei de kompjûter en filmkes op YouTube, sa hat Biense Hoogland (95) him fermakke doe't er mei de earste 'yntelliginte lockdown' trije moanne soarchsintrum Beuckelaer yn Sint-Anne net út mocht. Hy fielde him opsletten. En ek no noch ûnderfine hy en syn frou de gefolgen fan alle coronamaatregels.
Bewenners fan Beuckelaer prate oer wat dizze situaasje mei harren docht:
Bewenners fan de Beuckelaar en corona
Der binne gjin grutte aktiviteiten, lykas it koar of it korps. Dat mist Hoogland wol. "Op ús leeftiid wurdt de groep hieltyd lytser. Dan is it moai as je ek wat ôflieding ha." Corona liket nea fier fuort, follet syn frou Betty oan: "As it komt, dan komt it. Ik sis altyd: dat wat my tabedield wurdt, ik hoopje dat ik der mei omgean kin." Je leare der ek wer fan. "Je leare oare dingen wurdearjen", seit se. Se is tankber dat se noch tegearre binne op dizze leeftiid en mei-inoar prate en diele kinne.

Unwissichheid

Hoogland hat yn de earste golf it firus hân. Hy is der goed foarwei kaam. "De corona hat my aardich te pakken hân, mar ik ha it oerlibbe." It wie in ferfelende perioade. Net allinnich fanwege de sykte, mar ek de iensumens: "Doe't ik it hie, sieten we op slot op de keamer. Dêrnei ha we noch trije moannen op slot sitten yn it gebou. Dat is net sa maklik. Wy ha gelokkich ien ding foar: we ha in kompjûter. En der is neat wat net op YouTube stiet. Sa skarrelje je de tiid wat troch."
Hoe't in eventuele twadde besmetting wêze sil, doart er net te sizzen. It is ek sa ûnwis allegearre en dat makket it dreech, seit er. Earst seine se dat je it net in twadde kear krije koene, mar dat blykt dochs net sa te wêzen. En hoe't Hoogland it de earste kear krigen hat, wit er noch altyd net.
Betty en Biense Hoogland © Omrop Fryslân, Miranda Werkman
No mei de twadde golf is it noch slagge om it firus bûten de doarren fan it soarchsintrum yn Sint-Anne te hâlden. Dat Beuckelaer ôfrûne maitiid, lykas alle ferpleechhuzen en soarchsintra ticht wie en dat de bewenners der net út mochten, hat ek hjir foar in soad pine soarge. Ek wolris foar lilkens. Alle dagen is der no spanning by bewenners en personiel oer oft it firus wer binnenkomt oft net.
Mar se wolle ek troch en net te lang stil stean by dat senario. Dat der dan ôfdielingen ticht moatte, frou Van der Veen griist it oan. Se wol it sels echt net krije. "Hâld op minske, brrrrr." Neist har leit haakwurk. Se fermakket har wol. Mar ja, it is wol oars. Sa as mei besite. Oars komt har dochter geregeld troch de doar, mar dat spontane kin net mear, want oars kin der net oaren mear komme. Besite, ien kear deis maksimaal twa minsken, en se moatte har oanmelde. Frou Van der Veen sit al fjouwer dagen yn har jierdeibesite.
Klaske van der Veen © Omrop Fryslân, Miranda Werkman
Aktiviteitebegeliedster Jeltje Walinga is bliid dat it kofjedrinken op oardel meter ôfstân yn alle gefallen wol kin. Want dan smakket de kofje dochs krekt wat lekkerder as yn je ientsje op je keamer. Lestich is it ek wol, want it gehoar fan de bewenners is faak wat minder en dat praat dan wer wat dreger oan de kofjetafel. "It wurk is ek oars wurden. Gewoan hienen we altyd grutte aktiviteiten, no is alles folle lytser mei mar in pear minsken."

De feestdagen: hoe moat dat no?

De lytsere aktiviteiten dy't wol kinne, wurde dêrtroch allinnich mar mear wurdearre. Ek omdat der dan mear omtinken is foar inoar as yn in grutte groep. Dat jout ek wer te tinken. Oft it wolwêzen fan de minsken minder wurden is troch alles? Dat is dreech te sizzen. It is yn alle gefallen oars. Want nim no Sinteklaas en dêrnei de krystdagen: dat binne grutte feesten dy't mei-inoar yn it restaurant fierd wurde. Hoe't dat no moat, dêr moatte se yn Beuckelaer nochris hiel goed en kreatyf nei sjen.