Sjongeres Elske DeWall hâldt op by The BlueBirds

10 nov 2020 - 22:13

Sjongeres Elske DeWall hâldt op by countrygroep The BlueBirds, dat se foarme mei de sjongeressen Rachèl Louise en Krystl. Dat lit se witte fia sosjale media. "Wat bin ik grutsk op wat wy dien hawwe de ôfrûne 3,5 jier. It wie dan ek gjin maklike kar, mar ik doch in stap werom. Ik doch dat mei in soad leafde foar it projekt en fansels myn sisters", skriuwt se.

Foto: ANP

"Dit is gjin goodbye en ik support The BlueBirds dan ek mei hiel myn hert", giet DeWall fierder. Wat de eksakte reden foar it fertrek fan DeWall by it trio is, skriuwt se net.

DeWall betanket har kollega's yn har sosjale media-post foar 'de petearen yn de klaaikeamer, it útwikseljen fan harren klean, make-up, pantys, gitaarkabels en krûpkes, mar boppedat dizze fantastyske sisterhood roadtrip wêr't se yn telâne kaam binne'.

De groep ûntstie yn it foarjier fan 2017, doe't de froulju inoar fûnen yn harren mienskiplike passy foar americana-muzyk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)