Aksjegroep 'Wettermunt Natuurlijk' tsjin bou 95 nije wenten yn Burgum

10 nov 2020 - 22:00

Bewenners oan it Wettermunt yn Burgum binne net bliid dat de gemeente Tytsjerksteradiel fan doel is om 95 wenningen oan de Eilingsloane en Kloosterlaan te bouwen. De bewenners hawwe dêrom in aksjegroep 'Wettermunt Natuurlijk' oprjochte en sille tiisdeitejûn ynsprekke by de gemeenteriedsgearkomste.

Foto: Google Street View

Der binne ferskate redenen wêrom't de aksjegroep it plan fan de nije wenten gjin goed idee fynt, sa seit Anthonie Feenstra fan de aksjegroep. De groep fynt it net sûn dat in part fan de wenten tichteby de heechspanningskabels te lizzen komme. Dêrneist sizze se dat de nije wenten komme op 'postzegellocaties' en dat soarget foar in 'fersnippere útwreiding' fan Burgum. Fierder binne se bang dat de autodruk yn de wyk te grut wurdt as der mear wenten boud wurde.

Lokale media

Dêrneist is de groep der net bliid mei dat se net earder by it plan belutsen binne. "Wij hebben in de lokale media gelezen dat dit het plan zou zijn. Een dag daarna ontvingen wij pas de brief van de gemeente Tytsjerksteradiel. In die brief wordt gesteld dat de bewoners in het gebied bereid zijn om mee te denken in de planontwikkeling, terwijl de bewoners van niks wisten."

Dêrom is der in hantekenaksje start om de wenningbou foar te kommen. "Als we hier rondkijken en we zien het aantal handtekeningen dat men heeft gezet onder het document, kun je constateren dat er helemaal geen bereidheid is en dat de mensen hierdoor zijn overvallen", seit Feenstra.

Alternatyf

Is der neffens de aksjegroep dan in alternatyf? "Het is heel lastig als bewoners om een voorstel te doen van een alternatief. Dan spreek je van een gebied waar andere mensen rondom wonen. Wij zijn ook geen woningbouwdeskundigen, dus op die stoel wil ik niet gaan zitten. Maar er zijn ook andere mogelijkheden, wellicht bij andere dorpen. Dat er gebouwd moet worden, dat onderschrijven wij absoluut, maar wij hebben de grootste twijfels of dit de geschikte locatie is", sa seit Feenstra.

Anthonie Feenstra fan de aksjegroep

(Advertinsje)
(Advertinsje)