UPDATE: Syktocht helptsjinsten nei persoan yn Boalserter grêft smyt neat op

11 nov 2020 - 08:16

In syktocht fan de helptsjinsten yn de grêft by de Appelmarkt yn Boalsert hat neat opsmiten. Tiisdeitejûn krekt nei njoggen oere kaam in melding binnen fan in persoan dy't yn it wetter bedarre wêze soe.

Foto: CAMJO media

De dûkers fan de brânwacht fan Snits waarden oproppen om nei de persoan te sykjen. Ek plysje en ambulânse wiene teplak. De groep dûkers hat in slach troch it wetter dien, mar neat fûn.

It is net bekend wat der presys bard is.

Trefwurden: 
Boalsert grêft Appelmarkt
(Advertinsje)
(Advertinsje)