Eigener fan twa bedriuwen yn Koatstertille feroardiele foar it helen fan frachtwein mei kraan

10 nov 2020 - 21:17

De eigener fan twa bedriuwen yn Koatstertille is feroardiele omdat hy yn it besit wie fan in stellen frachtwein mei kraan. Fiif jier lyn is de frachtwein stellen en de ûndernimmer út Koatstertille hat dizze doedestiids kocht. Tsjin de rjochter sei de man dat er al jierren saken die mei de ferkeaper fan de wein en dat er dêrom gjin kweatinken hie.

Rechtbank Noord-Nederland (RNN) yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

De rjochter hat gjin straf oplein, omdat it al sa lang lyn wie. Mar de ûndernimmer moat wol mear as 50.000 euro werombetelje oan de oarspronklike eigener fan de frachtwein.

De soan fan de ûndernimmer wie ek belutsen by it helen en hy is earder al feroardiele.

(Advertinsje)
(Advertinsje)