Utbraak Talma Hiem yn Balk makke djippe yndruk op personiel: "Hakt er flink in"

10 nov 2020 - 19:43

Achttjin bewenners mei corona, wêrfan't fiif it net helle hawwe. It wie in drama foar wensoarchsintrum Talma Hiem yn Balk, mar no liket it slimste oer te wêzen. Ferromming, mar tagelyk ek fertriet is wat op it stuit oerhearsket. "Dit slaat hard in en het gaat nog een hele tijd duren voordat dit een plek heeft kunnen krijgen", seit direkteur John van Arnhem.

Talma Hiem - Foto: Talma Hiem

Tiisdei gie de ôfdieling Beltsjeblom foar it earst foarsichtich wer iepen. "Het zijn wisselende emoties, laat ik het maar zo proberen te omschrijven. Aan de ene kant zijn we natuurlijk ontzettend opgelucht dat door het nemen van de juiste maatregelen het coronavirus niet verder om zich heen heeft kunnen slaan. Aan de andere kant zijn we enorm verdrietig dat vijf bewoners zijn overleden aan het coronavirus en leven we ontzettend mee met hun familie en nabestaanden", seit Van Arnhem.

"Bewoners wonen toch al een hele tijd bij ons in Talmahiem. Onze medewerkers hebben natuurlijk gewoon een langdurige relatie opgebouwd met onze bewoners. Daar hakt het ook flink in. Het is gewoon een hele trieste situatie", seit de direkteur.

Meiwurkers

Ek tolve meiwurkers fan it sintrum rekken besmet mei it firus, dêrfan binne der tsien opknapt. Twa meiwurkers sitte noch yn thúskarantêne. Neffens de direkteur is it no wer feilich om besikers ta te litten.

"Er zijn in de afgelopen zeven acht dagen geen nieuwe besmettingen bijgekomen. Dan kun je spreken van een veilige situatie. Dat is het fijne van deze boodschap. Dat het weer veilig is om op bezoek te komen. De reden dat we niet meteen alle deuren opengooien is dat we voorzichtig, stapje voor stapje, weer terug willen naar een gewone situatie", sa seit Van Arnhem.

Direkteur John van Arnhem

Trefwurden: 
Balk coronafirus Talma Hiem
(Advertinsje)
(Advertinsje)