Fytse, puzelje en muzyk meitsje populêr: hobby-bedriuwen sjogge omset omheech gean

De winter komt der wer oan en no't in protte minsken in soad thús sitte, gean sy op syk nei nije hobbys. De 'hobby-bedriuwen' sjogge de ferkeap en ferhier enoarm omheech gean. Benammen de sport, muzyk en de spultsjes binne populêr.
Hobby-item
Haico Bouma ferkeapet en reparearret fytsen, skeelers en reden yn Aldehaske. De racefytsen binne net oan te slepen. "Yn de simmer hat der in momint west dat der hast neat mear stie. It is echt in útdaging om noch foarried te krijen en te hâlden", seit Bouma. Sels neamt hy it in 'lúkseprobleem'. "Wy ha in gigantysk goed jier hân. It begûn yn april al, en oant no ta hat it gewoan drok west."
It is lestich om op it stuit oan nije fytsen te kommen. "Eins is alles by de fabrikanten útferkocht en wy moatte hieltyd faker minsken útlizze dat se efkes wachtsje moatte." Bouma ferwachtet dat de fytsen wol djoerder wurde sille. Oant no ta falt dat noch ta, mar kommend jier sille de prizen neffens him wol wat omheech gean.
No't it wat kâlder wurd nimt de fraach nei fytsen en skeelers wol wat ôf, mar it is noch altyd mear as normaal. "Yn de winter wurde gewoanwei gjin skeelers ferkocht, mar dêr is noch hieltyd fraach nei."
© Omrop Fryslân, Jantine Stoffers

Muzyk

Ek by muzykatelier Sollie fernimme se dat minsken in oare ynfolling jaan wolle oan harren frije tiid. De ferhier fan blaasynstruminten is enoarm omheech gien de ôfrûne tiid, en dat binne benammen minsken dy't noch nea earder in ynstrumint bespile hawwe. Eigener Yasmin Sollie is de moeilikste net, en ferhiert dêrom ek gewoan oan minsken dy't noch gjin ûnderfining ha. "Ik raad mensen altijd wel aan om les te nemen, maar zeker nu zijn er ook mensen die gewoon met YouTube erbij, het zichzelf gaan leren."
As minsken nei de coronakrisis de hobby folhâlde sille, is noch mar de fraach. Yasmin sjocht yn elk gefal in positive ympuls. "Ik hoor van docenten dat er wel veel enthousiasme is bij mensen die nu zijn begonnen, dus ik verwacht dat het grootste deel wel door gaat."
Ek by de reparaasje fan muzykynstruminten is it drok. Neffens Sollie bringe in soad muzikanten just no harren ynstrumint foar reparaasje. "De orkesten repeteren veelal niet meer, dus je ziet dat veel muzikanten nu de kans hebben hun instrument te laten repareren."
© Omrop Fryslân, Jantine Stoffers
Ferslachjouwer Jantine Stoffers seach by in fytsesaak en yn in muzyk-atelier

Puzels

Neist de muzyk en de sport binne ek de spultsjes en puzels populêr. By Spellekijn yn Ljouwert binne de puzels net oan te slepen. Sy ha noch in hiele kelder fol, mar de foarried begjint dochs stadichoan op te reitsjen. "Er zijn een aantal fabrikanten die toch wel op hun laatste puzzeltjes teren, dus het wordt wel steeds lastiger om nieuwe puzzels aan te schaffen", seit eigener Annetol Griskov.
Hy hat wol in ferklearring foar de grutte fraach oan puzels: "Mensen zijn een beetje klaar met Netflix en televisie en willen graag bij elkaar aan tafel zitten. En tegenstelling tot spelletjes, hoef je een puzzel niet af te maken in een avond." Minsken wolle neffens him, hielendal yn de wintertiid, gesellich mei-inoar dingen ûndernimme.
Griskov is der fan oertsjûge dat minsken ek nei de krisis puzeljen bliuwe sille. "Het is toch wel even je hoofd leegmaken. Of je dat nu doet of in een drukke tijd, dat blijft altijd wel."
© Omrop Fryslân, Jantine Stoffers
Ferslachjouwer Jantine Stoffers seach yn de Spellekijn