Plysje siket tsjûgen fan mishanneling yn Ljouwert troch minderjierrige famkes

In 26-jierrige frou is moandeitemiddei op de Minnemastrjitte yn Ljouwert mishannele troch twa minderjierrige famkes. De famkes naaiden nei it foarfal út. De plysje is no op syk nei de dieders en nei tsjûgen.
© Ben de Jager, Omrop Fryslân
De frou fytste troch de Minnemastrjitte doe't de twa tienerfamkes har yn it foarbygean fregen oft se drugs keapje woe. Doe't se net reagearre, waard se útskolden. De frou besleat werom te fytsen om it twatal oan te sprekken.
Doe't se dat die, waard se troch de famkes fan har fyts skuord en skopt. In passearjende jonge hat de famkes fan de frou ôf lutsen. De famkes binne dêrnei net wer sjoen. Hoe slim oft de frou ferwûne rekke is, is net dúdlik.
De plysje is no op syk nei de dieders. Ek wol de plysje yn kontakt komme mei de jonge dy't de frou ta help skeat, en mei oare tsjûgen. Hjirûnder it sinjalemint fan de twa famkes.
Famke 1: Licht tinte hûdskleur, 1.60 tot 1.70 m lang, swart bomberjack mei wite bûntkraach, ljochtkleurde broek, grutte sulverkleurige earringen
Famke 2: Donker tinte hûdskleur, tusken 1.70 en 1.80 m lang, swarte jas en broek
Foar beide: Tusken 14/16 jier, smel postuer, bol gesicht en swart opstutsen hier.