Drokte nimt ôf yn Covid-hûs op It Hearrenfean, mar personielssoarch bliuwt
It Covid-hûs op It Hearrenfean hat de ôfrûne seis wiken smoardrok hân. De pyk yn it tal coronabesmettings yn ús provinsje wie ek te fernimmen yn it spesjale fersoargingshûs. Der is lykwols wat ljocht oan de ein fan de tunnel, want krekt lykas de provinsjale sifers, is der ek yn it Covid-hûs sprake fan in delgong yn it tal pasjinten. Dochs bliuwe der soargen oer de personiele besetting.
Yn it Covid-hûs wurde coronapasjinten út de hiele provinsje fersoarge om sa de druk fan de sikehuzen te heljen. De pasjinten wurde faak mei in ambulânse binnenbrocht, en dan mei help fan in stopljochtsysteem behannele, sa fertelt koördinator Tanja Dieben. "Wij werken met verschillende zones: groen, oranje en rood. Rood betekent dat de persoon nog besmet is, groen niet, en oranje zit er dan tussenin."
Dieben hat in persoanlike reden om krekt hjir te wurkjen yn dizze krisistiid: se hat sels corona hân. "Ik weet hoe vervelend het is om het te hebben." Dieben hat sels twa wiken lang plat lein, en koe amper de trep oprinne. "Ik ben nog jong, dus ik weet een beetje hoe zwaar het is voor ouderen om dit mee te maken."
De leeftiden yn dizze twadde weach binne neffens Dieben wol oars as yn it foarjier. Sa soene der no mear jongere minsken yn it Covid-hûs lizze. Mei jong wurde dan minsken bedoeld dy't 52 jier oft jonger binne.
Yn it hûs is plak foar maksimaal 84 minsken. Dit tal leit der no net, en dat is neffens de direkteur fan Meriant, Grietje fan Buiten, goed nijs want der is op dit stuit net genôch personiel. "Wij hebben nu, na een brede campagne, personeel voor 44 bedden. Maar we hebben in totaal 84 bedden, dus mocht het toch nog verergeren en we zouden die 84 bedden moeten bemensen, dan hebben we heel veel meer personeel nodig."