CoronaMelder-app no ek yn it Frysk beskikber

10 nov 2020 - 16:35

De CoronaMelder-app fan it Ministearje fan Folkssûnens, Wolwêzen en Sport is fan dizze wike ôf ek yn it Frysk beskikber. De Fryske app is allinnich te brûken op telefoanen mei Android, net op de iPhone.

Foto: Omrop Fryslân

Deputearre Sietske Poepjes is wiis mei de Fryske ferzje fan de CoronaMelder. De provinsje hat yn oparbeidzjen mei it ministearje fan Binnenlânske Saken wurke oan de app.

Yn de CoronaMelder kinne minsken in melding krije as immen mei in coronabesmetting by harren yn de buert west hat.

(Advertinsje)
(Advertinsje)