Fûgelgryp by plomfeebedriuw flak oer de grins yn Grinslân

10 nov 2020 - 16:06

Yn Lutjegast, krekt oer de provinsjegrins yn Grinslân is fûgelgryp fêststeld by in plomfeehâlderij. Yn in straal fan ien kilometer om it bedriuw hinne lizze gjin oare bedriuwen. Om fersprieding fan it firus foar te kommen, wurde de hinnen romme. It giet yn totaal om 48.000 bisten.

Foto: Ben de Jager, Omrop Fryslân

Yn in gebiet fan trije kilometer om it bedriuw hinne sitte gjin oare plomfeehâlderijen, mar yn in straal fan tsien kilometer binne 21 boeren aktyf. Sy hawwe no te krijen mei in ferfiersferbod foar plomfee.

Minister Schouten fan Landbouw, Natuur en Voedselkwaliteit hat it ferfiersferbod ôfkundige. It jildt njonken foar plomfee ek foar aaien, plomfeedong en brûkt struisel. Dêrnjonken jildt it ek foar oare bisten of produkten fan bisten dy't ôfkomstich binne fan bedriuwen mei kommersjele plomfeehâlderijen.

Ophokplicht

De maatregels sa't dy al jilde yn Nederlân bliuwe foarearst sa't se binne. Dit betsjut dat kommersjele bedriuwen te krijen hawwe mei in ophokplicht. Boppedat moatte bistetunen, bernebuorkerijen en hobby-boeren harren plomfee en wetterfûgels ôfskermje fan wylde fûgels. Dit kin bygelyks troch de fûgels yn in foljêre te setten.

It besteande hygiëneprotokol foar besikers fan plomfeebedriuwen wurdt útwreide: sa meie minsken no allinnich in stâl besykje as se foldogge oan strange hygiënemaatregels. Fierder is der in ferbod op it tentoanstellen fan sierplomfee en wetterfûgels.

Trefwurden: 
Fûgelgryp plomfee Lutjegast
(Advertinsje)
(Advertinsje)