Greppelplasdras wurket noch net goed genôch, mar hat wol takomst

10 nov 2020 - 16:03

Greppelplasdras hat noch net in signifikant posityf effekt op de greidefûgelstân. Dat skriuwt Nature Today op basis fan ûndersyk fan Wageningen University & Research, Sovon Vogelonderzoek en Altenburg en Wymenga. Dochs is der ek posityf nijs, want ûndersikers tinke dat der goeie resultaten helle wurde kinne mei in lytse oanpassing fan it plasdrasgebiet.

Ljip yn de Warkumerwaard - Foto: Remco de Vries

By greppelplasdras sette boeren in middengreppel fan in perseel fol wetter, sadat der om dat stikje greide hinne in wiete sône ûntstiet. Dit is goed foar greidefûgels om harren piken grut te bringen, om't der mear ynsekten te finen binne.

De metoade is populêr by boeren, om't it net hiel yngripend is foar de bedriuwsfiering. Mar de metoade hat noch gjin signifikant posityf effekt op it briedsukses fan de ljip.

Oerlibbingskânsen

Undersikers hawwe it ôfrûne seizoen ferskate perselen mei en sûnder greppelplasdras yn de gaten hâlden. Dit diene se yn ferskate provinsjes wêrûnder yn Fryslân. De greppelplasdrassitewaasje hie gjin positive ynfloed op de oerlibbingskânsen fan de piken, sa die bliken yn it ûndersyk. Der waarden like folle piken folwoeksen as yn perselen sûnder plasdras.

Swier gewaaks

In goeie ferklearring hjirfoar hawwe de ûndersikers net. Wol foel op dat de plantegroei yn de perselen mei plasdras tige wielderich wie. Dit 'swiere gewaaks' is min tagonklik foar de piken, wêrtroch't se dreech fretten fine kinne.

Mei dizze kennis seagen de ûndersikers noch ris nei de resultaten fan de ûndersochte gebieten. Hjirby seagen se dat de gebieten mei licht gewaaks yn de plasdras yn alle gefallen mear greidefûgels mei piken hiene, as de plasdrassen mei swier gewaaks.

Oanbefelling

Om ta in better resultaat te kommen, dogge de ûndersikers dan ek de oanbefelling oan behearders om ta in echt geskikt habitat te kommen: soargje foar goede fegetaasje, dêr't piken ek goed trochhinne rinne kinne. It swierdere gewaaks moat dêr dan wer omhinne groeie.

(Advertinsje)
(Advertinsje)