2,3 miljoen kilo ierappels en 200 ton sipels yn flammen op by brân Muntsjesyl

10 nov 2020 - 15:58

By de brân yn de nacht fan moandei op tiisdei yn in skuorre en loads oan de Olde Borchwei yn Muntsjesyl, is sa'n 2,3 miljoen kilo ierappels ferlern gien. Ek lei der noch sa'n 200 ton oan sipels opslein yn de loads, seit in wurdfierder fan de gemeente Noardeast-Fryslân. De risping kin as ferlern beskôge wurde. By de brân kaam asbest frij, wat ferspraat leit oer it perseel, de berm en de trochgeande wei. SGS Search is dwaande mei it opromjen fan de asbestdieltsjes.

2,3 miljoen kilo ierappels en 200 ton sipels yn flammen op by brân Muntsjesyl

De skea oan de gebouwen is enoarm, in loads dy't boud is yn 2017, fan 44 by 30 meter, brânde folslein út. Njonken de loads gie ek noch in skuorre dy't fêstboud sit oan it wenhûs yn flammen op. Troch de grutte brânwachtynset, mei korpsen út Dokkum, Bûtenpost, Kollum, Zoutkamp, Grijpskerk, Zuidhorn en Grins, koe foarkommen wurde dat it wenhûs útbrânde. It wengedielte hat wol in soad reek- en wetterskea oprûn.

Oerdeis op tiisdei rikken de resten noch flink, wylst skea-eksperts fan de fersekeringsmaatskippij harren bûgen oer de skea. Oer it ûntstean fan de brân is noch neat dúdlik.

Ien fan de skuorren fan it bedriuw - Foto: De Vries Media
(Advertinsje)
(Advertinsje)