Dizze wike trije noardlike spylfilms te sjen by Omrop Fryslân

10 nov 2020 - 15:38

Omrop Fryslân lit op 11, 12 en 13 novimber trije films sjen op telefyzje. Yn dizze perioade soe gewoanwei it Noordelijk Film Festival plakfûn hawwe. No't dat dit jier net trochgiet, biedt de Omrop trije films oan. Op woansdei 11 novimber is dat de Sweedske film 'Sami Blood', op tongersdei 12 novimber de Finske film 'The happiest day in the life of Olli Mäki' en op freed 13 novimber 'Water Wieg Me'.

Elle Marja, haadpersoan yn de film 'Sami Blood' - Foto: Cinemien

'Sami Blood' spilet him ôf yn Sweden yn de jierren 30 fan de foarige iuw. It is in film oer it Sami-famke Elle Marja. Sy wol graach fierder leare, mar liket feroardiele ta it nomadebestean tusken de rindieren.

'The happiest day in the life of Olli Mäki' is it echt barde ferhaal fan de Finske bokser Olli Mäki. It is 1962, Olli kin wrâldkampioen wurde troch te boksen tsjin in Amerikaan, mar hy wurdt fereale op in famke en dat stiet syn tarieding op de wedstryd yn de wei.

'Water Wieg Me' is in film fan de Nederlânske regisseuze Sanne Rovers. Sy folget singer-songwriter Ferry Heijne fan de band De Kift. Hy fart mei in skip troch Grinslân. Underweis moetet hy minsken dy't him harren libbensferhaal fertelle. "Een ode aan de droefenis", neamt Rovers dizze poëtyske dokumintêre.

De trije films binne te sjen op 11, 12 en 13 novimber, jûns om 21.00 oere op Omrop Fryslân-telefyzje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)