Fries Landbouwmuseum krijt dochs twa ton subsydzje: "Slach wûn, mar de oarloch noch net"

10 nov 2020 - 20:15

It Fries Landbouwmuseum krijt dochs jild fan de provinsje. Se krije ien kear in subsydzje fan 200.000 euro foar 2021. Earder hie de provinsje oanjûn dat it lânboumuseum gjin subsydzje krije soe.

It Frysk Lânboumuseum yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

It museum foel bûten de boat fan de mearjierrige provinsjale subsydzje foar musea. Mei it bedrach kin it Ljouwerter museum it takom jier oerbrêgje om nije plannen út te wurkjen dêr't se oare jildboarnen mei oansprekke kinne.

"It komt echt op it nipperke", sei Henk Dijkstra fan it Fries Landbouwmuseum ferline wike oer de moasje fan de provinsjale koälysjepartijen om dochs subsydzjes te jaan. "Eins hiene wy op 1 novimber al nei it UWV moatten om plannen te meitsjen om de boel te ûntmanteljen. Mar it giet no de goeie kant op".

Slach wûn

Mei de ienmalige subsydzje is it Fries Landbouwmuseum lykwols net definityf rêden. "We hawwe in slach wûn mar de oarloch noch net. We hawwe hjirnei noch trije jier dy't we oerlibje moatte om wer mei te dwaan yn de nije ronde", seit Dijkstra.

Dijkstra sil der alles oan dwaan om dat slagje te litten, want: "De skiednis fan Fryslân sit fêst oan de lânbou, we buorkje al 2.000 jier, dus dêr heart ek in museum by", sa seit hy.

Direkteur Henk Dijkstra fan it lânboumuseum

(Advertinsje)
(Advertinsje)