80 nije coronabesmettingen yn Fryslân, trije stjergefallen meld

10 nov 2020 - 15:13

Der binne de ôfrûne 24 oeren 80 nije coronabesmettingen fêststeld yn Fryslân. Dat binne der sân mear as op moandei, doe wiene it der 73. De 80 besmettingen binne presys likefolle as it gemiddelde oer de ôfrûne sân dagen. Lanlik binne der 4.695 besmettingen fêststeld.

It deistige tal besmettingen de ôfrûne trije wiken (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):

De measte besmettingen binne it ôfrûne etmiel fêststeld yn Súdwest-Fryslân (23). Dêrnei komt Smellingerlân mei 10. Yn Fryslân binne it ôfrûne etmiel trije nije stjergefal meld, dat giet om in ynwenner fan Súdwest-Fryslân, in ynwenner fan De Fryske Marren en in ynwenner fan Weststellingwerf. In persoan út de gemeente Eaststellingwerf moast yn it sikehûs opnaam wurde.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)