'Skries is Fryske reuzepanda'

17 jul 2012 - 21:25

De skries is foar Fryslân wat de reuzepanda is foar de wrâld. Mei dizze fergeliking joech direkteur Johan van de Gronden fan it Wereld Natuur Fonds tiisdei oan hoe slim de greidefûgel bedrige wurdt. Troch de hieltyd yntinsivere lânbou rint it tal skriezen en oare greidefûgels bot werom. Hy sei dit by it oanbieden fan de earste Fryske edysje fan it Living Planet Report 2012 oan kommissaris John Jorritsma. Tagelyk wie der ek de lansearring fan Kening fan 'e Greide. Dit is in Frysk inisjatyf om de skries te rêden.

It WNF lit dit jier ek útsykje yn hoefier der in ferbân is tusken it útstjerren fan de skries en it weromrinnend gebrûk fan de Fryske taal. Yn oare lannen liket dêr in ferbân foar te wêzen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)