Moasje fan wantrouwen tsjin kolleezje Eaststellingwerf om hisen reinbôgeflagge

10 nov 2020 - 14:54

De riedsfraksje fan Wij Lokaal tsjinnet tiisdeitejûn in moasje fan wantrouwen yn tsjin it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan de gemeente Eaststellingwerf, om't it kolleezje bûten de ried om op 'coming out day' de reinbôgeflagge hyste op trije gemeentlike lokaasjes.

De 'Progress Flag' - Foto: Shutterstock

Yn 2016 keas de ried derfoar om de reinbôgeflagge net by it gemeentehûs te hingjen, mar om foar 20.000 euro de saneamde 'Flippobrêge' yn Easterwâlde yn reinbôgekleuren te fervjen. Dêrtroch wurdt neffens Wij Lokaal eltse dei útdroegen dat de gemeente efter de LHBTIQ-wearden stiet.

"Er ging hier een inhoudelijk soms zeer principiële discussie aan vooraf, waarbij iedereen de waarde van de LHBTI-gemeenschap onderschrijft, maar het vlaggen met de regenboogvlag bij het gemeentehuis niet op een duidelijke meerderheid kon rekenen", ljochtet Wij Lokaal ta.

Ried net konsultearre

Op 9 oktober hong it kolleezje op ûnder oare it gemeentehûs de 'Progress Flag' út, mar soe de ried dêr net oer konsultearre hawwe. Wij Lokaal stelde dêr skriftlike fragen oer, mar krige gjin antwurden fan it kolleezje. "Door deze houding geeft het college duidelijk aan geen respect te hebben voor de mening van de raad", seit Wij Lokaal.

Neffens de partij gie it kolleezje foarby oan troch de ried fêststeld belied. "Het college is willens en wetens afgeweken van door de raad eerder over deze kwestie ingenomen standpunten." Wij Lokaal skriuwt yn de moasje dat it kolleezje gjin 'politike antenne' hat.

Machtsposysje

As de riedsfraksjes no wer itselde stimme soene as yn 2016 soe der neffens Wij Lokaal in noch gruttere mearderheid tsjin it úthingjen fan de reinbôgeflagge by it gemeentehûs wêze. "Reden temeer om de raad te consulteren over een eventueel veranderd inzicht", fynt de partij.

"Een college dat zijn meerderheid al maanden heeft verloren en dat roept alles samen te doen met de input en meningen van alle raadfracties, laat hier andermaal zien dat dit slechts woorden zijn." Neffens Wij Lokaal wurdt der regearre út in machtsposysje wei, sûnder respekt foar de mearderheid fan de ried. "Wij Lokaal kan dan ook niet anders dan het vertrouwen in dit college opzeggen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)