Aaipop ynternasjonaal

17 jul 2012 - 20:50

It Aaipop-festival giet oer de grinzen. De Fryske band Ljoubjr sil yn septimber foar trije optredens nei Wales. Yn april takom jier komt der dan in Welske band nei Aaipop yn Nijlân. Yn it ramt fan it 25-jierrich bestean fan Aaipop wol de organisaasje de konneksje tusken minderheidstalen fersterkje.

De útwikseling fan bands dy't yn minderheidstalen sjonge soe sa in struktureel karakter krije moatte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)