Fúzje Littenseradiel dúdlik

17 jul 2012 - 20:24

Littenseradiel sil nei alle gedachten fuseare mei de gemeenten Súdwest-Fryslân en Ljouwert. Dat hat de ried unanym besletten. Dêrmei is in punt set efter de weryndielingspetearen mei de gemeenten yn Noardwest-Fryslân. Ut petearen mei de befolking oer it ûnderwerp waard dúdlik dat der net folle ferbinings mei de Noardwestelike hoeke fan Fryslân binne. De mooglike fúzje mei Súdwest-Fryslân en Ljouwert soe yn 2018 syn beslach krije moatte.

Trefwurden: 
weryndieling Fúzje gemeenten
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)