Syktocht stopset
De syktocht nei de fermiste frou fan 49 út Oerterp is stopset. De frou wurdt sûnt moandei fermist. Har auto waard fûn by Smelle Ie. Dêr is dan ek socht, mei sonarapparatuer en in dregteam. Dat hat lykwols neat opsmiten. It Lannelik Dregteam sil derom woansdei net wer sykje, sa is bekendmakke.