Mear drokte jachthavens

17 jul 2012 - 17:27

Guon jachthavens dy't tichtby it sintrum fan in Fryske stêd lizze, hawwe it op it heden ekstra drok. Der hawwe net safolle waarme simmerdagen west en dêrom gean de measte boatsjefarders it grutte wetter noch net op. Havenmaster Ton Gevers út Ljouwert seit dat hy dêrom no sa'n tweintich prosint mear boaten yn de jachthaven hat.

En ek Frank Segveld fan de Sneker Jachthaven seit dat er ûngefear 40 boaten mear lizzen hat as ferline jier om dizze tiid.

De jachthavens dy't wat fierder fan it sintrum fan in stêd ôflizze hawwe it faak wat rêstiger. Sa hat havenmaster Sicco Kalf krekt in stik minder boaten lizzen op syn jachthaven op It Hearrenfean, omdat hy op it yndustry-terrein sit.

Trefwurden: 
jachthavens
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)