Xtc-pillen fûn by ynfal yn Ljouwerter loads

10 nov 2020 - 14:26

De plysje hat in 32-jierrige frou út Ljouwert en in 19-jierrige frou út Noardeast-Fryslân oanhâlden foar de hannel yn harddrugs. Yn in loads en in wenning waarden 279 xtc-pillen fûn.

Foto: Plysje

De plysje die moandei in ynfal yn de pannen, nei oanlieding fan in ûndersyk nei wenningynbraken en drugshannel. Njonken de xtc-pillen fûn de plysje speed en in flesse GHB. De plysje hat ek meardere laptops en ark yn beslach naam, mooglik binne dy bút makke by ynbraken.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert drugshannel xtc
(Advertinsje)
(Advertinsje)