Drachtster brânstichter ferfeelde har troch de lockdown

In frou dy't earder dit jier ferskate brannen stichte yn Drachten, die dat omdat se har ferfeelde. Oarsaak wie de coronakrisis. Twa brommobilen, brievebussen, in waskline, in konifearehage, in papierkontener en in bulte hout: alles gong earder dit jier yn flammen op.
Rjochter © Omrop Fryslân, Joris Kalma
In soad brannen wiene yn de buert fan de Berglaan. Op 19 maaie waard in 43-jierrige bewenster fan in flat oan dy strjitte oppakt. In tsjûge hie sjoen dat se besocht hie om mei in brânende krante in sket yn 'e fik te stekken.

Alles foel fuort

De frou joech trije brannen dus ta en joech de coronakrisis de skuld. Earder hie se noch deibesteging en die se frijwilligerswurk. Mei de 'yntelliginte lockdown' yn maart foel alles fuort dêr't se oars har tiid oan kwyt wie, ynklusyf de sosjale kontakten.
Se ferfeelde har, rekke depressyf en socht nei de alkohol. Sûnt 12 oktober wurdt de frou behannele by de GGZ yn Frjentsjer. De frou is minder tarekkenber. De offisier fan justysje wol dat se yn alle gefallen in jier behannele wurdt. Fierder easket justysje in finzenisstraf fan 146 dagen, dy't de frou al útsitten hat, plus in jier ûnder betingst.
De rjochtbank docht op 24 novimber útspraak.