GGD'en reitsje oersjoch kwyt troch oerwâld oan kommersjele testburo's

10 nov 2020 - 13:00

De GGD'en driigje it oersjocht kwyt te reitsjen oer wa't besmet is mei it coronafirus. Dat komt trochdat der hieltyd mear kommersjele teststrjitten komme en ek bedriuwen dy't it testen sels regelje. "We vinden het vervelend", seit Marleen Luning fan de GGD Fryslân. "We willen het overzicht houden op de aantallen." Mar de betrouberheid bliuwt in grutter probleem.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Dat oersjoch is bygelyks belangryk sadat de GGD boarne- en kontaktûndersyk dwaan kin. Dat de GGD'en it oersjoch kwyt binne, komt nei foaren út in lanlik ûndersyk fan EenVandaag. Ek yn Fryslân spilet dat dus. "We hebben zeker geen volledig overzicht meer", seit Luning. De GGD wit ek net krekt hoefolle kommersjele testburo's der yn Fryslân binne. "Er zijn in ieder geval vijf locaties waar we contact mee hebben."

Melde is ferplicht

De GGD besiket ek ôfspraken te meitsjen mei dy lokaasjes. "Als iemand zich voordoet als laboratorium, of als een bedrijf zelf sneltesten aanbiedt, dan moeten ze dat melden aan de GGD. Daarvoor is er ook een wettelijke meldplicht."

Guon bedriuwen freegje de kliïnten om har sels by de GGD te melden, as se posityf test binne. Dat is lykwols net de bedoeling, seit Luning. De GGD'en wolle it sintraal regelje, mar dit giet dreech. "Het zijn vaak ondernemers die een heel ander bedrijf hebben. Ze weten niet goed hoe het melden werkt, ze hebben daar ook geen systeem voor. Dat moet nog worden uitgevonden."

Betrouberheid is noch problematysker

It mindere oersjoch is in probleem troch de kommersjele buro's, mar de GGD fynt de betrouberheid fan de testen noch folle problematysker. "Iemand kan wel een test kopen, maar dan moeten mensen nog wel op het juiste moment getest worden, op de juiste manier, de uitslag moet goed kunnen worden afgelezen. En daarna moet iemand die positief test ook nog een juiste boodschap meekrijgen. Daar schort het aan."

(Advertinsje)
(Advertinsje)