Lânboumuseum krijt skilderij

17 jul 2012 - 17:20

It Frysk Lânboumuseum yn Earnewâld is in skilderij riker. It giet om in wurk út 1953 fan de Wommelser keunstskilder Johannes Elsinga. Dat is yn opdracht fan de ZPC skildere en skonken oan in ierpelhanneler út Maastricht. Op it doek is in ierpelfjild by Ingelum te sjen mei op de foargrûn twa famkes en yn de fierte it doarp mei de toer.

It doek wurdt toand op de ôfdieling ierpelmasines fan it museum en is benammen fan histoaryske wearde. It lânboumuseum lit de skiednis fan de boeren sjen en dêr past it skilderij yn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)