CNV: Grutte soargen by wurknimmers FrieslandCampina oer reorganisaasje

10 nov 2020 - 12:45

Wurknimmers fan FrieslandCampina meitsje har neffens fakbûn CNV grutte soargen oer de yngripende reorganisaasje dy't tiisdeitemoarn oankundige waard. "Het gaat om zo'n duizend banen in Nederland, België en Duitsland. Iedereen vraagt zich nu af voor welke locaties deze reorganisatie gevolgen gaat hebben", seit ûnderhanneler Henk Jongsma fan CNV Vakmensen.

Friesland Campina - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

FrieslandCampina draaide dit jier mear omset, mar de coronakrisis smiet roet yn it iten. It suvelkonsern wurdt no wrâldwiid konfrontearre mei grutte tsjinslaggen, lykas it fuortfallen fan de ferkeap oan hoareka, problemen by de ferkeap fan babypoeier yn Sina, legere suvelprizen en ôfnimmende faluta.

Yngripende plannen

"FrieslandCampina wil nu versneld plannen doorvoeren, maar die zijn zeer ingrijpend", seit Jongsma. Hy hopet dat it fakbûn gau yn petear kin mei FrieslandCampina, foar't der oerhastich besluten naam wurde. "De afgelopen jaren heeft het bedrijf al heel scherp gekeken naar mogelijkheden om kosten te besparen. Wat wil het bedrijf nu precies? Daar moet snel meer zicht op komen, ook als het gaat om de gevolgen voor de verschillende productielocaties in Nederland."

De reorganisaasje liket foaral der ûnderstypjende tsjinsten en managementlagen te reitsjen. FrieslandCampina hat fêstigingen yn 36 lannen en biedt wurk oan sa'n 24.000 meiwurkers. Mear as in tredde dêrfan komt út Nederlân. Der steane fiif fêstigingen yn Fryslân. Der binne 11.500 boerebedriuwen oansletten by FrieslandCampina.

Begelieding nei oar wurk

Neffens CNV stiet yn de petearen mei FrieslandCampina sintraal dat der foar de wurknimmers goede begelieding is nei oar wurk, binnen of bûten it bedriuw. Jongsma: "FrieslandCampina heeft een goede reputatie als het gaat om de begeleiding van werk naar werk. Maar nu wil het bedrijf versneld gaan reorganiseren en komt er opeens veel druk op."

It fakbûn wol witte oft minsken genôch tiid en mooglikheden krije. "Het moet wel zorgvuldig allemaal, zodat mensen perspectief houden op werk. Daar willen we goede afspraken over."

(Advertinsje)
(Advertinsje)